Waadseefoarum yn Dokkum

© Omrop Fryslân
Yn Dokkum hat moandei it Waadseefoarum by-inoar west en oanbefellings dien. Yn it foarum sitte alle belanghawwenden, fan Denemarken oant Nederlân, mei-inoar oan tafel: natuerorganisaasjes, bewenners, polityk en ekonomy.
It Waadseefoarum is trije jier dwaande en reizget no de Waadregio troch mei de earste, foarsichtige oanbefellings. In konkreet punt is de kustbeskerming. By rampen moat mear gearwurke wurde en der moat in ynternasjonale kustwacht komme.