Mear opfangplakken dakleazen

15 nov 2004 - 16:04

Der komme mear opfangplakken foar dak- en thúsleazen yn Fryslân. De ekstra plakken wurde troch wenningkorporaasjes yn acht gemeenten beskikber steld. It projekt is opset omdat der hieltiid mear minsken op strjitte komme.

It is no faak net dúdlik wa't de ferantwurdlikens hat foar de minsken dy't op strjitte komme, de gemeente of de wenningstifing. Troch in bettere gearwurking tusken dy twa moat dat yn de takomst feroarje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)