Saak oer falsk jild útsteld

© Omrop Fryslân
It ûndersyk nei trije minsken dy't fertocht wurde fan de útjefte fan falsk jild is noch net klear. De saak soe op 30 novimber behannele by de rjochtbank, mar omdat it ûndersyk net klear is, wurdt dat in pro forma-sitting.
De fertochten binne in 38-jierrige Ljouwerter en twa Litouwers. Se ha foar mear as tsientûzen euro oan falske biljetten útjûn. It jild brûkten se om televyzjes en kompjoeters te keapjen. De saak tsjinnet no ein jannewaris.