Nijenhuis tredde by Wrâldbeker

14 nov 2004 - 15:19

By Wrâldbekerwedstriden yn it Noarse Hamar is Beorn Nijenhuis tredde wurden op de 1500 meter, yn 1.47,46. De reedrider út Hearrenfean moast Tuitert en Wennemars foar litte.

Nijenhuis, eins in sprinter, lei nei 700 meter ûnder it wrâldrekord. Hy wie tige tefreden mei syn medalje. "Ik bin bliid mei myn prestaasje," sa ferklearre er. "As sprinter is it altiten de fraach ofst op de 1500 meter genôch oerhâldst op it ein."

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)