Sinteklaas yn Snits oankaam

14 nov 2004 - 14:39

Sinteklaas is sneon wer oankaam yn Nederlân. De lanlike yntocht wie yn Alkmaar. Dêrnei sette de goedhillichman koers rjochting Snits. In hiele protte bern wachten op Sinteklaas by de Wetterpoarte. Boargemaster Arno Brok fan Snits ûntfong Sinteklaas dêr.

Nei syn besite oan Snits moast Sinteklaas noch nei in protte oare plakken yn Fryslân ta. De kommende wiken binne dan ek wer drokke tiden foar de goedhillichman.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)