Untwerp monumint Fetter bekend

© Omrop Fryslân
Sneon is bekendmakke hoe't it monumint foar de fermoarde Manuel Fetter derút komt te sjen. It wurdt in graniten bankje yn de foarm fan in libelle werfan de wjukken de letter S foarmje.
De famylje hat dit ûntwerp fan keunstneres Nynke Sevenster útkeazen. Doe't op de begraffenis fan Fetter syn pet op de kiste lein waard, bruts de sinne troch en gong in libelle op it petsje sitten. Foar de famylje en de freonen fan Fetter wie dit in teken.