Amelanners ferwûne by ûngelok

13 nov 2004 - 17:46

Seis ynwenners fan Amelân binne freed ferwûne rekke by in ûngelok by Mûntsjesyl. De auto dêr't de seis yn sieten, kaam op de Kwelderweg mei de tsjillen yn 'e berm.

Doe't de bestjoerder besocht wer op de dyk te kommen, fleach de auto oan 'e oare kant by in talud del en riid tweintich meter nei ûnderen. Dêr fleach de auto op 'e kop in sleat yn. Ien fan de ynsittenden koe sels út de auto komme, de oare fiif moasten holpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)