Provinsje: harten ôfsjitte

© Omrop Fryslân
Yn 'e omjouwing fan Mildaam meie meikoarten deimen (damharten) ôfsketten wurde. Neffens de provinsje soene de bisten it gewaaks skânsearje en ek geregeld it ferkear yn 'e bulten jeie. Deputearre Steaten komme meikoarten mei in saneamd oanwizingsbeslút om de jacht op deimen te regeljen.
It plan om de bisten ôf te sjitten leit gefoelich. D66 pleite koartlyn foar it oerpleatsen fan 'e deimen nei de Feluwe, dêr't wol plak foar harren is.