PvdA wol graffiti oanpakke

© Omrop Fryslân
De PvdA yn de Twadde Keamer wol jongeren dy't gebouwen mei graffiti bespuitsje hurd oanpakke. Se moatte de boel sels skjinmeitsje, de skea betelje en swier straft wurde. De PvdA fynt sels dat der kameratafersjoch komme moat om spuiters op byld fêst te lizzen.
Yn Ljouwert is frede sletten mei de graffiti-keunstners en dat leveret kleurige strjitsjes op. En dat wol Ljouwert sjen litte oan PvdA-Twadde Keamerlid Peter van Heemstra.