Man jout belutsenens by fal ta

13 nov 2004 - 08:56

In 31-jierrige man út Snits hat bekend dat er belutsen west hat by de fatale fal fan in 67-jierrige frou fan in balkon yn Snits. Dat hat de plysje freed bekendmakke. De plysje kin net sizze oft de fertochte de frou ek echt treaun hat.

Hy hat foar in part in ferklearring ôflein, sa seit de plysje. De frou foel tiisdeitemiddei fan de boppeste etaazje fan in flat oan it Normandiaplein. Se ferstoar letter dy jûn yn it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)