Omrop Fryslân wer fia Jirnsum

12 nov 2004 - 16:51

De ûntfangstproblemen fan Omrop Fryslân radio yn it Noarden en Westen fan de provinsje binne oer twa wike foarby. De regionale radio sil dan wer útstjoerd wurde oer de FM-stjoerder yn Jirnsum.

Twa jier lyn krige Omrop Fryslân in nije frekwinsje. Sûnt dy tiid wurdt ek útstjoerd fia de stjoerder yn Smilde. Dat soarge foar tal fan klachten oer de ûntfangst. Nei in lange juridyske striid is it ministearje fan Ekonomyske Saken akkoart gien mei de ferpleatsing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)