NNO live op Omrop Fryslân radio

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân stjoert freed fan 20.00 oere ôf streekrjocht it konsert fan it Noard-Nederlânsk Orkest yn de Lawei yn Drachten út. Op it programma steane twa Nederlânske premjêres fan Verdi.
Earst wurdt spile de 'Sinfonia yn C grut' en dêrnei de 'Variazioni per Oboe ed Orchestra'. Hjirby solearret Bart Schneemann op hobo. Dêrnei folgje de '8e Symfony' fan Antonin Dvorák en de ouverture 'Romeo en Julia' fan Pjotr Tsjaikovski.