Friezen yn 4Xtreme-team

12 nov 2004 - 15:41

It 4Xtreme Adventureteam sil fan freed ôf acht dagen lang yn Nij-Seelân ferbliuwe om mei te dwaan oan de Southern Traverse. De Friezen Jelle van der Velde en Maaike Hornstra út Jellum meitsje diel út fan it team.

De Southern Traverse is 400 kilometer lang en wurdt hâlden oan de westkust fan Nij-Seelân. Fiif dagen en nachten lang moatte de dielnimmers klimme, hurdrinne, mountainbike en kajakke. Se moatte sels de bêste rûte útstippelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)