Krityk FNP oer Frisia Sâlt

© Omrop Fryslân
De provinsje sjocht allinne mar nei de belangen fan Frisia Sâlt en net nei dy fan de omwenners en de boeren. Dat is de krityk fan de FNP-steatefraksje. De provinsje hat it Harnzer bedriuw tastimming jûn om aanst ek yn in nij gebiet by Tsjommearum sâlt te winnen.
Frisia Sâlt mei dêrfoar in transportlieding pleatse tusken it nije sâltwinningsgebiet en it fabryk yn Harns. Neffens de provinsje is der in goede ôfwaging makke tusken de belangen.