Werynrjochting Feanwâlden

© Omrop Fryslân
As de werynrjochting fan it sintrum fan Feanwâlden net troch giet, kin dat de deastek wêze foar it doarp. Dat seit wethâlder Dantuma fan Dantumadiel. De werynrjochting fan de Koemarkt stiet faai troch wjerstân fan omwenners tsjin de komst fan in appartemintegebou.
Sûnder dat gebou is de werynrjochting lykwols finansjeel net helber. De gemeente hat lang besocht om tegearre mei de korporaasje in kompromis mei de omwenners te berikken, sûnder resultaat.