Jeugdsoarch lilk op provinsje

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan de stifting Jeugdsoarch is lilk op de provinsje. Op oantrunen fan deputearre Jan Ploeg is der ien oansteld dy't besjen moat oft de stifting wol goed dwaande is mei it takomstich belied.
Dizze persoan moat besjen oft it reorganisaasjeplan wol goed is. It bestjoer fan de stifting sjocht dit as in moasje fan wantrouwen. Neffens de foarsitter frou Roelants is der gjin needsaak foar ûndersyk fan de provinsje.