Aris wint fan Landstede Zwolle

12 nov 2004 - 13:25
Foto: Omrop Fryslân

De basketballers fan Aris wûnen tongersdeitejûn mei 106-102 fan Landstede Zwolle. Yn sporthal it Kealledykje makken de beide ploegen der in geweldich spannende wedstriid fan.

Oan de kant fan de Ljouwerters wie Brandon Woudstra de grutte man. Hy wie goed foar 37 punten. Troch dizze oerwinning bliuwt Aris meidraaien yn de hegere regioanen fan de earedivyzje. Aris spilet 20 novimber tsjin Solskin yn Boshoven.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)