10 ynbraken yn Ljouwert oplost

© Omrop Fryslân
Mei de oanhâlding fan in 39-jierrige Ljouwerter hat de plysje tsien ynbraken oplost. De plysje seach de man fytsen en ried achter him oan. De Ljouwerter stapte by it MCL ôf en fernielde dêr mei in hammer in rút. De fertochte gong nei binnen en naam in laptop mei.
De plysje hat de man doe oppakt. Ut fierder úndersyk waard dúdlik dat de man by tsien bedriuwen ynbrutsen hie. It giet benammen om kantoaren yn de buert fan it MCL.