Wer wurkstraf foar brânbomsmiter

© Omrop Fryslân
In 18-jierrige man út Walterswâlde hat foar de twadde kear 240 oeren wurkstraf easken heard foar it tarieden fan in oanslach mei molotov-cocktails op it Dokkumer azc. Al earder yn febrewaris waard de man dêrfoar feroardield. De man gie tongersdei yn heger berop.
De rjochter konfontearre de man mei syn gedrach yn oktober ferline jier. Ut in tal ferklearrings die bliken dat de man, in beropsmilitair, de liedende figuer wie fan in saneamde Lonsdalegroep