Hantekens tsjin útsetting

11 nov 2004 - 17:21

Fiif freonen fan de fan 't simmer ferdronken 16-jierrige Mano út Angola binne in hantekenaksje begong. Dêrmei wolle sy foarkomme dat de famylje fan Mano it lân útset wurdt. Mano ferdronk op 30 july yn de Aekingermar by Appelskea.

De jonge wenne mei syn mem, beppe en fjouwer oare bern yn it AZC yn Appelskea. De kâns is grut dat is gesin werom moat nei Angola. Nei oardel wike ha tûzen minsken har hanteken set.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)