Frysk ferske by songfestival

© Omrop Fryslân
It ferske 'Tusken skimer en ljocht' fan komponist Douwe Bouma en tekstskriuwer Wiebe van der Mei kaam net troch de seleksje fan it Fryske Lietfestival, mar wol troch de seleksje fan it Nederlânske Songfestival. It ferske giet mei yn 'e foarrondes dy't op 20 jannewaris 2005 op tv útstjoerd wurde.
Jetse Koster fan Wergea sil it ferske sjonge yn 'e foarronde fan it Songfestival. Koster is út 'e skroeven mei dizze kâns.