Papegaaiebuert gjin ryksmonumint

11 nov 2004 - 14:35

De wenningen yn de Papegaaiebuert yn Drachten wurde gjin ryksmonumint. Itselde jildt foar de eardere Rykslânbou-winterskoalle, it hjoeddeiske AOC. De stichting Smelne's Erfskip hie frege om sa'n status, mar steatssiktaris Van der Laan fan Kultuer hat it fersyk ôfwiisd. De ynwenners meitsje dêr no beswier tsjin.

De bekende Stijl-keunstner Theo van Doesburg hat oan sawol de binnen- as de bûtenkant fan dy gebouwen meiwurke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)