Foarútblik op Baas boppe Baas
Op tiisdei 16 novimber stjoert Omrop Fryslân televyzje 'Utsjen nei Baas boppe Baas' út. Dêryn wurdt praat mei haadrolspilers Rense Westra en Hilly Harms oer de ympakt fan de emosjonele tema's op de spilers. En wat fine sy sels fan harren drama-houlik? Is der boppedat ek in libben nei BBB?
Op 23 novimber start dan de fjirde en lêste rige ôfleveringen. Dêrmei komt der in definityf ein oan de súksesfolle dramarige fan Omrop Fryslân.
Trefwurden:
argyf