NoordNed praat mei sjauffeurs

11 nov 2004 - 11:11

Ferfiersbedriuw NoordNed fiert dizze wike de petearen mei 18 sjauffeurs dy't ûntslein wurde as gefolch fan de besunigings op it iepenbier ferfier. De sjauffeurs ferlieze mei yngong fan 9 jannewaris takom jier har wurk.

Yn augustus tocht NoordNed noch dat der 40 minsken út moasten. Dat oantal is nei ûnderen bysteld. Dat hat der mei te krijen dat der al in oantal sjauffeurs sels fuortgongen binne. Ek geane der kommend jier in tal mei de vut.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)