Tsjûge brân moskee socht

11 nov 2004 - 11:11

De plysje op it Hearrenfean is op syk nei de man of frou dy't tiisdei de melding dien hat fan de brân by de moskee oan de Hesselstrjitte. De melding kaam om healwei trijen binnen oer it alarmnûmer 112. De persoan dy't belle hat, kin mooglik weardefolle ynformaasje jaan oer de brân. By de brân yn de moskee rekke net ien ferwûne en de skea bleau beheind. De moslimmienskip op it Hearrenfean is wol bot skrokken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)