Haarala spilet foar Finsk A-team

11 nov 2004 - 09:03

Hearrenfean-ferdigener Hannu Haarala hat foar de earste kear in útnoeging krigen foar it A-alvetal fan syn lân Finlân. Dy ploech spilet nije wike in oefenwedstriid tsjin Itaalje. Haarala spile al faak yn Jong-Finlân mar waard oant no ta nea yn it earste team keazen.

Teamgenoat Ugur Yildirim is selektearre foar Jong-Turkije. Dy ploech oefenet nije wike tsjin Jong-Eastenryk. Yildirim hat twa paspoarten en wurdt ek wol neamd as takomstich Oranje-spiler.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)