Noordschok en Wâldrock

© Omrop Fryslân
Bands yn it hurdere sjenre kinne harren oanmelde foar Noordschok. It festival is in inisjatyf fan poporganisaasjes yn Fryslân, Grinslân en Drinte, ûnder oare fan Friesland Pop. Noordschok is op 27 maart yn De Oosterpoort yn Grins. De bands spylje ek op in saneamde preparty, yn Sint Anne, Drachten en Ljouwert.
Wâldrock hat de datum foar takom jier bekendmakke. It ferneamde festival wurdt hâlden op sneon 4 juny.