Grutte oarder foar Berkhof

© Omrop Fryslân
Busbouwer Berkhof op It Hearrenfean hat syn grutste oarder yn de skiednis fan it bedriuw binnen helle. It kommende heal jier moat it bedriuw 300 saneamde legeflier-bussen leverje oan ferfierder Connexxion.
De nije bussen binne bedoeld om in grut tal âlde bussen te ferfangen. Tenei moatte de bussen better tagonklik wêze foar handikapten. Berkhof moast om de oarder stride mei Volvo en MAN. De yntegrale kostpriis joech de trochslach.