Skea foar Westergosône

10 nov 2004 - 17:12

De Westergosône, it yndustrygebiet tusken Ljouwert en Harns, hat skea fan de plannen om it gebiet oan te wizen as nasjonaal lânskip. Bedriuwen wolle har der net mear festigje, no't yn de nota Rûmte fan it regear stiet dat it gebiet net mear bedoeld is foar bedriuwichheid.

De Westergogemeenten, dat binne Harns, Frjentsjerteradiel, Menameradiel en Ljouwert ha mei de provinsje Fryslân hjiroer in brief stjoerd oan de foarsitter fan de Twadde Keamer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)