Ritsma sylt de Euromêst del

© Omrop Fryslân
Reedrider Rintje Ritsma fan De Lemmer is tiisdei tegearre mei tv-presintator Sipke Jan Bousema abseilend fan 'e Euromêst nei ûnderen gliden. De prestaasje yn Rotterdam markearret it begjin fan in grutte kampanje fan Unicef tsjin de grutte bernestjerte yn ûntwikkelingslannen. De abseilers hiene in kuolboks op 'e rêch mei dêryn faksins tsjin allerhanne bernesykten.
Monique van de Ven en Trijntje Oosterhuis dogge ek mei oan de aksje.