VMBO'er moat langer trochleare
De provinsje begjint in kampanje om jongerein langer op skoalle te hâlden. Se krije dêrtroch mear kânsen op de arbeidsmerk. Der komme trije tillevyzje-programma's op de lanlike tillevyzje fan Omrop Fryslân, dy't letter ek jûns herhelle wurde.
Doel is VMBO-learlingen en harren âlden it belang fan langer trochleare sjen te litten. Der komt ek in sympoasium foar Fryske bedriuwen en gemeenten.
Trefwurden:
argyf