Fakkelwake yn Beetstersweach

© Omrop Fryslân
Goed 50 minsken kamen tiisdeitejûn gear om in fakkelwake te hâlden by hotel Lauswolt yn Beetstersweach. Yn it hotel ferbliuwe de Europeeske ministers fan Yntegraasje dy't in topmoeting oer dat tema hâlde yn Grins.
De aksjefierders droegen spandoeken mei teksten as: 'Geen mens is illegaal' en 'Stop de deportatie nu'. Dêrmei waard demonstrearre tsjin it útsetbelied fan minister Verdonk.