700.000 euro foar Fryske plysje

10 nov 2004 - 14:46

De Fryske plysje krijt mear as sân euroton ekstra fan it Ryk. Dat hat it ministearje fan Ynlânske Saken woansdei bekend makke yn in brief oan it plysjekorps. De Fryske plysje krijt it jild om't se it prestaasjekontrakt mei it ministearje goed neilibbe ha.

Alle plysjekorpsen yn it lân krije sa'n prestaasjebeleaning. Yn totaal wurdt mear as 26 miljoen euro ferdield. De Fryske plysje kin it jild goed brûke. De finansjele posysje is noch swak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)