Smellingerlân foar sweeftrein

10 nov 2004 - 10:20

In mearderheid fan de gemeenterie yn Smellingerlân bliuwt efter de komst fan de sweeftrein stean. Dat waard tiisdei dúdlik yn de riedsfergadering. Wietse Lap fan GrienLinks die in oprop om te kiezen foar in intercity-ferbining, om't dat folle mear kâns makket.

Benammen boargemaster Van der Zaag wie it dêr hielendal net mei iens, om't it Suderseespoar wurkgelegenheid opsmyt. Dêrby skoart de fariant fan de sweeftrein it heechst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)