Belgyske F-16's op Flyhors

10 nov 2004 - 10:01
Foto: Omrop Fryslân

De Belgyske loftmacht oefent de kommende wiken op it militêr oefenterrein de Flyhors op Flylân. De oefening bestiet út it ôfgoaien fan 50 bommen.

De seksje Lûdshinder fan de Nederlânske Loftmacht set op Texel in mjitpost op om de lûdsoerlêst yn de gaten te hâlden. Minsken dy't lêst ha fan it lûd kinne kontakt opnimme mei de Seksje Lûdshinder fan de Loftmacht. De oefening duorret oant 30 novimber.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)