'Mear jild foar Waadgebiet'

© Omrop Fryslân
De Twadde Keamer wol 800 miljoen euro ynvestearje yn it bedriuwslibben en de natuer yn it Waadgebiet. Dat is 300 miljoen mear as ôfpraat. Dat sei Joop Atsma, Twadde-Keamerlid foar it CDA, moandei yn Boalsert.
Der is jild genôch om't de opbringst fan it gas 20 prosint heger is as ferwachte. Dat komt troch de hege oaljeprizen. Neffens Atsma is in grutte mearderheid foar jild foar it Waad. De Twadde Keamer praat der tiisdei oer.