Shania Twain iepent Domino Day

© Omrop Fryslân
De Kanadeeske sjongeres Shania Twain docht de iepening fan Domino Day op 12 novimber. Se triuwt kommende freed it earste stientsje om yn it FEC yn Ljouwert. Om in nij rekord te fêstigjen moatte der noch goed 4,3 miljoen blokjes omfalle.
Domino Day wurdt yn njoggen lannen streekrjocht útstjoerd op televyzje. Shania Twain komt nei Nederlân om har nije cd mei Greatest Hits te promoatsjen.