Jongerewurkers mear de wyk yn

© Omrop Fryslân
De jongerewurkers yn Ljouwert binne te min oan it wurk yn de wyk. Yn plak dêrfan fergaderje se tefolle. Dat is de konklúzje fan it CDA Ljouwert nei eigen ûndersyk. Boppedat soenen se te djoere aktiviteiten lykas paintballe organisearje. De riedsfraksje wol dat de jongerewurkers fleksibeler ynset wurde kinne.
De stichting Hulp en Welzijn Leeuwarden herkent him net yn de konklúzjes fan it CDA-ûndersyk.