Fryske Top 100: al tûzen stimmen

09 nov 2004 - 11:10

De Fryske Top 100 slacht, sjoen it tal stimmers, tige oan by it Fryske publyk. It ôfrûne wykein passearde de teller it earste tûzental. De tûzenste stimmer is Wiepy Huisman fan Gytsjerk. Sy krijt, lykas alle oare 25ste ynstjoerders, in Fryske Top CD tastjoerd.

De Fryske Top 100 sil op Aldjiersdei yn hear en fear útstjoerd wurde tusken 9 en 18 oere. Alle stimmers kinne oant de Krystdagen harren Top 5 opjaan fia www.omropfryslan.nl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)