Moskee wol befeiliging

© Omrop Fryslân
De Marokkaanske moskee yn Ljouwert wol befeilige wurde tsjin oanslaggen. It bestjoer fan de moskee seit dat nei in bomoanslach, brânstiftingen en fernielingen dit wykein yn Eindhoven, Grins, Breda en Huizen.
It bestjoer fan de moskee makket him soargen en wol ekstra befeiliging foar islamityske gebouwen. It bestjoer steurt har deroan dat plysje en gemeente noch gjin kontakt socht ha. Yn Fryslân binne meiinoar seis moskeeën.