Twadde dokter op Flylân

© Omrop Fryslân
Flylân krijt dochs in twadde húsdokter. Soarchfersekerder De Friesland hat dat tasein oan de nije dokter op it eilân, Ferry Wolfswinkel. Hy is de opfolger fan John Deen, dy't jierren striden hat foar in twadde dokter.
Wolfswinkel wie al assistint fan Deen, dy't wegens syn sûnens ophâlde moast. Hy woe Deen pas opfolgje as der ek in twadde dokter wie. De Friesland woe earst net foar de kosten opdraaie, mar sil no in twadde dokter sykje.