Kuorbalje mei plastic koer

© Omrop Fryslân
It kuorbalbûn hat moandei bekend makke dat de bekende rotan koer meikoarten ôfskaft wurdt. It KNKV wol de takomst yn mei in giele koer fan keunststof. De nije koer moat op it lêst yn it seizoen 2008/2009 yn it hiele kuorbal ynfierd wêze.
De opset fan 'e kuorbalkompetysje sil ek feroarje. Der komt in topleague fan tsien ploegen, mei dêrûnder twa haadklassen fan acht ploegen. Dêrûnder komme de oergongsklassen.