Temajûn oer V2

© Omrop Fryslân
Der komt in jûn oer de V2-raket yn ynformaasjesintrum Mar en Klif yn Aldemardum. De V2 wie in raket dy't yn de Twadde Wrâldoarloch troch de Dútsers ôfsketten waard. Ek út de Riisterbosk wei waarden der V2's yn de rjochting fan Antwerpen en Súd-Ingelân ôffjoerd.
It is dizze hjerst sechtich jier lyn dat de Riisterbosk in pear wike lang it lansearplak wie. Mar en Klif siket noch tsjûgen dy't wat fertelle wolle oer de V2. De jûn is op woansdei 24 novimber.