Raymond Ceulemans op 'e Jouwer

09 nov 2004 - 09:58

Ferpleechhûs 'De Flecke' op 'e Jouwer krige moandei hege besite. De libjende leginde Raymond Ceulemans út België wie nei De Jouwer reizge om de nije biljerttafel yn te wijen. Ceulemans hat 24 kear wrâldkampioen driebanden west.

Fanwege it fyftichjierrich bestean fan De Flecke krige it ferpleechhûs in nije biljerttafel fan 'e Stichting Freonen fan Ferpleechhûs 'De Flecke'. Sy hellen ek Ceulemans nei it ferpleechhûs foar in demonstraasje fan syn spesjaliteit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)