Yousef wint Berenloop

© Omrop Fryslân
Saher Yousef hat snein de Berenloop op Skylge wûn. De Feanster wûn de maraton al foar de tredde kear. Yousef lei fan it begjin ôf op kop en einige yn 2.35,24. By de froulju wûn Mariska Kramer yn 2.52,54.
Oan de heale en de hiele maraton dienen yn totaal 2.500 minsken mei. Foar startbewizen waard flak foar de start noch trije kear it oarspronklike bedrach bean.