Feanster (19) swier mishannele

08 nov 2004 - 14:35

In 19-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is yn de nacht nei snein swier mishannele op De Jouwer. De jonge wie tegearre mei in groep freonen yn diskusje rekke mei fjouwer Jousters. Dat rûn út op in fjochtpartij.

De 19-jierrige Feanster foel dêrby op de grûn. Hy krige skoppen tsjin de holle. De Jousters naaiden út, mar koene letter dochs oanhâlden wurde. Har wurdt poging ta deaslach te lêste lein. Mei de 19-jierrige jonge giet it ridlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)