Fragen CU/SGP oer Sonac

© Omrop Fryslân
De provinsje moat dúdlikens jaan oer de ûndersiken dy't se hâlden ha by destruksjebedriuw Sonac yn Sumar. De steatefraksje fan de ChristenUnie/SGP is net tefreden oer de antwurden dy't se krigen ha op fragen oer it ûndersyk.
Sa wol de partij wite wêrom't der nei hast in jier noch gjin útkomsten fan it ûndersyk bekend binne. De provinsje seit dat it sa lang duorret om't se dwaande binne mei in rapport oer de geuroerlêst fan it bedriuw.