Eilannen krije dochs Waadried

© Omrop Fryslân
De Waadeilannen krije lang om let dochs in Waadried. Dat is op in konferinsje fan riedsleden dit wykein op Skylge besletten. Yn de ried komme fiif riedsleden fan Texel, fjouwer fan It Amelân en Skylge en trije fan Skiermûntseach en Flylân.
De nije Waadried sil beslisse oer algemien saken dêr't de Waadeilannen by belutsen binne. De ried wurdt nei alle gedachten op 14 maart ynstallearre troch minister Remkes.