Sven Kramer ferrast op NK

© Omrop Fryslân
Reedrider Sven Kramer fan Aldskoat wie freedtejûn de grutte ferrassing op it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen yn Assen. It 18-jierrige lid fan de hurdridersklub Hearrenfean waard tusken alle toppers lykas Jochem Uytdenhaage, Rintje Ritsma en Mark Tuitert fjirde op de 5 kilometer yn 6.39'49".
Hy einige flak achter de winner Bob de Jong en âld-Nederlânsk kampioen Gianni Romme. Kramer hat him no ek pleatst foar de World Cupwedstriden.