Sosjaal akkoart: FNV-Noard bliid

07 nov 2004 - 12:46

De faksintrale FNV-Noard is tefreden oer it sosjaal akkoart dat yn de nacht nei sneon sletten is. De bûnen, it kabinet en de wurkjouwers ha oerienstimming berikt oer ûnder oare de fersoepeling fan WAO- en WW-regelingen.

Ek wurdt de 'levensloopregeling' oanpast sadat âlderen dochs makliker earder ophâlde kinne mei wurkjen. It bûn is net bliid mei de plannen foar it befriezen fan de útkearings en de salarissen fan de amtners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)